Cambuur leit út de beker

06 nov 2002 - 00:00

NAC wûn woansdeitejûn yn Breda frij maklik mei 3-1 fan Cambuur. De trije NAC-goals foelen yn acht minuten tiid yn 'e earste helte. De NAC-goals kamen fan Koning (2x) en Kornejev. Pas fier yn 'e twadde helte die Cambuur wat werom fia Martijn Gootjes.

Troch de nederlaach yn Breda binne de Ljouwerters útskeakele yn 'e Amstel Cup. Yn 'e foarronde ferlear Cambuur earder fan De Jouwer, dat no wol trochgiet nei de twadde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)