'Nep-Kameleon' dochs op Festival

06 nov 2002 - 00:00

De Frysktalige Kameleon-film fan studinteferiening Bernlef út Grins is te sjen op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert. Utjouwerij Kluitman fan de Kameleon-boeken begjint in boaiemproseduere, dêr't in skeafergoeding mei easke wurdt.

Neffens de advokaat fan Bernlef kin de film fertoand wurde op it Filmfestival en yn doarpshuzen. Kluitman kin neffens him min bewize der skea fan te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)