Noch read potlead yn Kollumerlân

© Omrop Fryslân
By de kommende ferkiezings yn jannewaris sille de ynwenners fan de gemeente Kollumerlân har stim noch útbringe mei it âlderwetske reade potlead. De gemeente soe foar de earstfolgjende Twadde Keamerferkiezings yn 2006 in stimkompjûter oanskaffe.
'Mar no't it kabinet fallen is, sille we net earder oergean op de moderne technyk', seit boargemaster Bilker. De stimkompjûter soe de gemeente 45.000 euro kostje moatte.