Projekt swalkôffal yn Opsterlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân wol stranger optrede tsjin swalkôffal. Woansdei gie dêr it projekt "Handhaving Zwerfvuil" fan start. Plysje, doarpswachten en miljeu-amtners wurkje dêryn gear om te berikken dat der minder smoargens op strjitte komt. De aksje slút oan op de lanlike aksje fan Nederland Schoon.
Ut in enkête die bliken dat 22 persint fan de ynwenners fan Opsterlân fynt dat de leefberens achterút giet troch it swalkôffal.