Provinsjale stipe foar fûgels

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten wolle in tal agraryske natuer- en lânskipsprojekten stypje mei 23.000 euro. It Bûn foar Fûgelwachten krijt 6000 euro foar de neisoarch oan greidefûgels, lykas de stichting Wrâldfrucht. Der giet 8000 euro nei de skrieskrites en wurdt de tsjerke-ûle stipe mei 3000 euro.
It streekmuseum yn Burgum, dat fusearre is mei de folksstjerrewacht, kin rekkenje op 70.000 euro provinsjale stipe.