Keaphûs yn Fryslân djoerder

© Omrop Fryslân
De huzeprizen yn Fryslân binne yn it tredde fearnsjier mei 1,3 prosint omheechgien. Dat is goed 1 prosint leger as lanlik. Opfallend is dat de priis foar in appartemint krekt mei 10 prosint sakke is.
Ut de sifers fan it CBS docht fierders bliken dat it trochsneedbedrach foar in hypoteek mei 7,5 prosint omheechgien is, ta 167 túzen euro. Dat leit oan de hegere huzeprizen, sa meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek.