Skrieversronte hat jildpine

06 nov 2002 - 00:00

De Stellingwerver Skrieversronte sit yn 'e problemen. Deputearre Steaten wolle de kommende jierren gjin jild mear stekke yn twa wittenskiplike projekten. Dêrtroch driget ien fan de wurknimmers dien te krijen. It tichtdraaien fan de jildkraan hat ek gefolgen foar it fuortbestean fan oare projekten. De Skrieversronte set him yn foar it behâld fan it Stellingwerver streektaal yn it Súdeasten fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)