Soad rôffûgels yn bosk Bakkefean

05 nov 2002 - 00:00

De bosk by Bakkefean is populêr by rôffûgels. Yn de relatyf lytse bosk by de Slotpleats sitte 25 pearkes. Ut ûndersyk fan Natuermonuminten hat dat bliken dien. Ek oare soarten fûgels komme foar.

Mei elkoar binne 51 soarten oantroffen. Dat binne der sân mear as fiif jier lyn. De bosk feroaret op it stuit om't it wetterpeil feroaret. Doel is om mear fariaasje yn floara en fauna te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)