Atsma wol Omrop op satellyt

© Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Joop Atsma (CDA) fynt dat Omrop Fryslân fia de satellyt útstjoere kinne moat. De programma's fan 'e omrop kinne dan troch folle mear minsken yn en bûten Fryslân ûntfongen wurde. Foaral Friezen om utens iverje al jierren foar de ûntfangst fan 'e omrop bûten Fryslân.
De Twadde Keamer prate al earder oer it plan om regionale omroppen ta te stean fia de satellyt út te stjoeren. Meikoarten falt in beslút hjiroer.