Lauwerseach: inkeld garnalen

© Omrop Fryslân
De fiskôfslach fan Lauwerseach moat him folslein rjochtsje op garnalen. Direkteur Eelkema fynt dat dat de iennige mooglikheid is om de holle boppe wetter te hâlden.
Lykas alle oare fiskôfslaggen hat ek Lauwerseach in min jier achter de rêch. De oanfier fan fisk is mei 10% tebekrûn. Eelkema sjocht wol wat yn gearwurking mei oare fiskôfslaggen. Lauwerseach wie oars altyd in grutte oanfierhaven foar fisk.