Oargel De Rottefalle opknapt

05 nov 2002 - 00:00

Nei fiif jier fan restauraasje is it oargel fan de Gereformeerde tsjerke fan De Rottefalle klear. It 60 jier âlde oargel wie nedich oan in opknapbeurt ta. De tsjerkegongers hawwe sels goed 100.000 euro opbrocht foar it herstelwurk.

It oargel is opknapt mei ûnderdielen fan oargels fan ûnder oare in katolike en in baptistetsjerke. Op 23 novimber wurdt it nije oargel offisjeel yn gebrûk nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)