Wetterskip wol minder skouboetes

© Omrop Fryslân
De Fryske wetterskippen wolle de skou, de jierlikse kontrôle fan sleatten, oars oanpakke. Se wolle ôf fan de tûzenen warskôgings dy't altiten útdield wurde fanwege it net skjinmeitsjen fan sleatten.
De skou is op 1 novimber wer begûn. Om minsken dêr op te wizen binne grutte advertinsjes pleatst. Neffens Dummer fan wetterskip Sevenwolden is it net himmeljen faak gjin kwestje fan ûnwil, mar earder fan tekoart oan ynformaasje.