Each yn each mei ynbrekker

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn in bedriuw oan de Hermes op It Hearrenfean kaam in 22-jierrige Grinzer sneontejûn each yn each te stean mei in ynbrekker. De man seach op in stuit in pear auto's riden en hearde eefkes letter in kreakjend lûd. Doe't er de doar fan it kantoar iependie, ferdage er foar in man mei in brekizer. Dy rûn dêrop nei in wite bestelauto.
In helper dy't yn in oare auto op wacht stie, woe fuortride oer in stik grien. Hy kaam fêst te sitten yn de modder en stapte doe ek gau yn de wite bestelauto. In oare bestelauto ried ek hurd fuort.
De auto yn de modder is yn beslach naam troch de plysje. De plysje hat noch socht nei de oare twa auto's, mar om 'e nocht.