Steatsboskbehear ek foar gemalen

04 nov 2002 - 00:00

Steatsboskbehear ferset him net langer tsjin nije gemalen. Yn de diskusje oer it wetterbeaher wie de organisaasje altyd tsjin mear gemalen om it wetterpeil better te behearskjen.

Oant no ta seach Steatsboskbehear leaver dat gebieten oanwiisd wurde dy't ûnder rinne meie by heech wetter. Peter Visser, haad fan de Fryske Steatsboskbehear, makke moandei de beliedswiziging bekend. Op lange termyn sjocht er gemalen wol sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)