Piebe Bakker ferstoarn
Snein is yn syn wenplak Wommels Piebe Bakker (73) ferstoarn. Piebe Bakker syn libben stie foar in grut part yn tsjinst fan 'e Hafabra, de Harmonie- en Fanfare-orkesten en Brassbands.
Bakker wie direkteur fan 'e Boalserter muzykskoalle en dirigint fan ûnder oare it Nasjonaal Jeugdfanfare Orkest. By Omrop Fryslân die Bakker sûnt 1983 muzykrezjy foar Muzyk maskelyn.