Grutte alkoholkontrôle
De plysje yn Fryslân hat sneontenacht in grutte alkoholkontrôle holden. Op goed fyftich plakken moasten sa'n 3800 minsken blaze. In pear bromfytsers en 36 automobilisten moasten mei nei it buro, om't se tefolle dronken hiene.
De heechste skoare hie in automobilist út Ljouwert. Hy helle in promilaazje fan 2,2. Seis minsken koene har rydbewiis ynleverje.