Slaanderij op Drachtsterplein

11 mrt 2012 - 13:26

By in ferkearsrûzje op it Drachtsterplein yn Ljouwert binne sneon klappen fallen. Dy kamen fan in bestjoerder fan in Honda dy't hast in oare auto, bestjoerd troch in 25-jierrige Ljouwerter, oanriden hie. De Ljouwerter hie dêrby toetere nei de Honda.

De Hondabestjoerder sette de auto doe stil en rûn nei de oare auto dy't achter him stie. Hy sloech de 25-jierrige Ljouwerter yn it gesicht en skopte tsjin dy syn auto. Dêrnei ried er fuort. De plysje freget tsjûgen fan de ferkearsrûzje harren te melden. It ynsidint wie om seis oere jûns.

It slachtoffer woe kommende út de rjochting fan it MCL it Drachtsterplein opride, doe't it ynsidint plakfûn. It plein wurdt op 't stuit hielendal fernijd. Dêrom is de ferkearsituaasje oanpast. It plein is no tydlik in saneamde 'stjerfoarmige rotonde'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)