Soad animo foar Natuerwurkdei

© Omrop Fryslân
Sa'n trijehûndert bern en folwoeksenen ha sneon oan it skreppen west yn de natuer, op de Natuerwurkdei. Elkenien dy't in wolbestege dei ha woe yn de bûtenloft koe meidwaan oan dizze dei, dy't troch acht organisaasjes opset is.
Op tsien plakken wie help wolkom foar it oprêden fan rommel, it ûnderhalden fan paden, of it snoeien en knotsjen fan beammen.