Wer ramkreak Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Foar de twadde kear yn twa dagen hat der in ramkreak west yn Surhústerfean. Sneon waard taslein by in fotosaak. Fan de wike wie in juwelier it slachtoffer.
De ynbrekkers ramden mei in auto de gevel fan de fotosaak en naaiden út mei fideo- en fotokamera's. De eigner hat ek winkels yn Roden en Mearum. Dy saken krigen ferline wike te meitsjen mei snelkreaken.