Debút Ernst op Olympiade
Skaker Sipke Ernst fan Damwâld hat freed foar it earst meidien mei it Nederlânske team op de skaakolympiade yn Slovenië. Ernst spile remise tsjin Emms.
Nederlân spile tsjin Ingelân en wûn mei 3-1. Yn it algemien klassemint stiet Nederlân no sechsde mei 16 punten. Koprinner Ruslân hat 18 en in heale punt.