Soad blessueres by Cambuur

© Omrop Fryslân
In slim ferswakt Cambuur reizget freed nei Velzen foar de útwedstriid fan Stormvogels/Telstar. Spits Jan Bruin hat lêst fan 'e knibbel en keeper Rody Hoegee hat lêst fan 'e foet. Hoegee hat al in pear dagen net traine kinnen.
Cambuur kin fierder net beskikke oer ferdigener Angelo Martha, dy't twa kear giel krige tsjin ADO. Robert Loontjes hat ek in blessuere oan 'e foet.