Utspraken oer Harm Wiersma

© Omrop Fryslân
Foarsitter fan de LPF yn Fryslân, Johan Wiersma, hellet yn 'De Andere Krant', krante foar Noardwest-Fryslân, út nei partijgenoat Harm Wiersma. Harm Wiersma wurdt troch Johan Wiersma in 'leeghoofd' neamd dy't neffens him perfoarst net werom komme moat op de list.
Johan Wiersma wol dizze opmerkings wol befestigje. Harm Wiersma is op syn beurt teloarsteld oer de útspraken.