Jeugdbinde Drachten oppakt

31 okt 2002 - 00:00

De plysje hat yn de ôfrûne twa moannen in groep fan 14 jongeren oanhâlden. De jonges út Drachten tusken de 12 en 17 jier wurde fertocht fan stellerij en fernielingen.

Se ha seis boaten stellen, fytsen, in scooter en in Spartamet. Tsjin trettjin fertochten is proses-ferbaal makke. Ien saak waard seponearre. De skea fan de fernielingen wurdt rûsd op 10.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)