Nije cd Bauke en Greetje

11 mrt 2012 - 11:53

It bekende Fryske sjongduo Bauke en Greetje presentearret oer in pear wiken in nije cd. Dat is hast tweintich jier neidat se har lêste cd útbrochten. It duo waard foaral bekend troch it nûmer 'Alwer in Fries', dat se 34 jier lyn útbrochten.

De nije cd, 'Stil', is net allinne yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk, Limboarchsk en Ingelsk. Der is oan meiwurke troch in tsiental muzikanten, ûnder oare troch de bekende Limboarchskse sjonger Gé Reinders.

Trefwurden: 
cd Bauke en Greetje sjongduo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)