Fertochte oanholden yn moardsaak

© Omrop Fryslân
De plysje fan Grinslân hat in fertochte oanhâlden foar de moard op Wietske Bauer út Ljouwert. Goed sechtjin jier lyn waard de 34-jierrige frou dea fûn yn it Damsterdjip yn Grins.
It team, dat âlde saken ûndersiket, koe âld spoaremateriaal mei nije techniken op 'e nij ûndersykje en kaam sa op in spoar. De fertochte dy't oanhalden is, sit al in skoft fêst.