Skea yn bosk falt ta

28 okt 2002 - 00:00

De stoarmskea yn bosken falt yn Fryslân ta, neffens Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Hjir en dêr binne wol ûnferfangbere grutte beammen omwaaid.

Foar wa't de bosk yn wol is der gjin direkt gefaar. Yn oare provinsjes is minsken wol ôfret de bosk yn te gean. It Fryske Gea sjocht noch oft wyldroasters frij bleaun binne fan beammen, sadat bisten net ûntkomme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)