Leden beslute oer meidwaan SP
De leden fan de Socialistische Partij yn Fryslân beslute 16 novimber oft de partij meidocht oan de Steateferkiezings takom jier maart. De SP hat yntusken in foarriedige list gearstald. Dêr steane 22 minsken op.
De list wurdt oanfierd troch Hanny Lehman fan Ferwert. Mocht de SP meidwaan, dan wurdt op twa of trije sitten rekkene.