Koördinaasjesintrum yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De brânwacht hie snein it regionale koördinaasjesintrum yn Ljouwert ree makke. Dat hâldt yn dat alle meldingen fan de GGD, de plysje en de brânwacht op ien plak binnen komme. Der wurdt in soad belle oer stoarmskea.
De plysje hold de Ofslútdyk yn de gaten. Ferkear hie bot lêst fan sydwyn. Oerwoegen waard de dyk fan beide kanten ôf te sluten, mar dat wie net nedich.