Kommersjele ploegen lilk op KNSB

26 okt 2002 - 00:00

Sponsors fan kommersjele reedrydploegen binne lilk op de KNSB. It reedridersbûn jout gjin kaarten foar wedstriden yn Thialf. De relaasjes fan TVM, DSB en Spaarselect kinne der net hinne.

De KNSB hat de 350 kaarten foar it EK en de wrâldbekerwedstriden oan eigen sponsors jûn. De kommersjele ploegen fiele har min behannele. Se fine dat se ek in bydrage leverje oan it riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)