Aksje foar aap Nikki

© Omrop Fryslân
Aksjegroep Ongehoord hat sneon aksje fierd foar aap Nikki. It bist wennet al jierren yn in koai fan in túnsintrum yn Harns. De aksjefierders fine de koai te lyts en tinke dat Nikki better ôf is by Stichting Aap mar dy hat gjin romte.
Neffens de eigner soe in ferhuzing fan de aap dy't al hast tritich is net goed wêze. De koai moat dêrom mar oanpast wurde fine de leden fan de aksjegroep.