Argeologyske fynst by Dronryp
By argeologysk ûndersyk by de wenwyk Fûgellân yn Dronryp binne stikken fan Romeinske spegels fûn. Foar Fryslân is dat in unike fynst. It docht bliken dat it giet om in terp dy't mei slib oerdutsen is en dêr't it bestean net bekend fan wie.
De grûn wurdt de kommende wiken neier ûndersocht. Ryk, provinsje en gemeente Menameradiel betelje de kosten derfan.