Wynhoas yn Wyns
In wynhoas hat freed in part fan de feestâl en in nije mestsilo fan feehâlder Wybenga fan Wyns fernield. De wynhoas luts mei tongerjend geraas oer de stâl. Op dat stuit wie Wybenga oan it melken. Dat wie syn gelok, want as er yn 'e stâl west hie, dan hie er it dak op 'e holle krigen.
De 60 kij kamen mei de skrik frij, de skea wurdt rûsd op 40.000 euro.