Cambuur - ADO Den Haach: 2 - 1

26 okt 2002 - 00:00

Yn in spannende wedstriid fersloech Cambuur freed yn eigen stadion Ado Den Haach mei 2-1. Dominique van Dijk makke beide Cambuur-goals yn 'e twadde helte. Den Haach skoarde yn 'e 83ste minút en makke it Cambuur noch even lestich, mar de Ljouwerters bleaunen oerein.

Cambuur hat no fiif wedstriden achter inoar wûn en stiet no fjirde op seis punten fan 'e nije koprinner Emmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)