NHL rikt nije diploma's út
De oplieding Ferpleechkunde fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert (NHL) rikt freedtemiddei it earste diploma 'Bachelor of Nursing' út. De NHL is op 1 septimber oerstapt fan HBO-tsjûchskriften nei Ingelsktalige bachelordiploma's.
De nije diploma's hingje gear mei de ynfiering fan it bachelor/masterstelsel yn it heger ûnderwiis.