Sintraal meldpunt yn Ljouwert
Ynwenners fan de gemeente Ljouwert hoege fan 1 jannewaris ôf mar ien telefoannûmer te draaien as se in klacht ha oer it wurk fan de gemeente. Der komt ien sintraal meldpunt.
Minsken krije dan binnen 24 oeren te hearren wat der mei de klacht bart. Dat sei wethâlder Sluiter tongersdei nei in wurkbesite oer it ûnderhâld fan publike rûmtes.