'Lûdsskerm foar werf Barkmeijer'
Der moat foar in part in lûdsskerm komme tusken it terrein fan skipswerf Barkmeijer en it doarp Gerkeskleaster. Dat fine sawol de werf as de gemeente Achtkarspelen.
Mei in lûdsskerm kin de werf in nije miljeufergunning oanfreegje, dy't nedich is om't de easken oanskerpe binne. Sûnder de fergunning kin Achtkarspelen ek gjin nije huzen bouwe.