Mildaam yn aksje tsjin ferkear

24 okt 2002 - 00:00

Ynwenners fan Mildaam fiere de kommende tiid aksje tsjin de ferkearsoerlêst yn it doarp. Doarpsbelang wol dat de trochgeande dyk folslein rekonstruearre wurdt.

Alle dagen ride der goed 6400 auto's oer de Skoatterlânsewei. Moarns en jûns is der op 'e dyk amper plak foar fytsers. Bern fan de Tsjongerskoalle hawwe dêrom ferkearsbuorden makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)