CHN wol sporthal by Blauwe Golf

© Omrop Fryslân
De Kristlike Hegeskoalle yn Ljouwert, de CHN, wol dat der in sporthal komt by swimbad De Blauwe Golf. De sporthal en it swimbad moatte dan mei inoar in sportsintrum foarmje foar de takomstige kenniskampus oan de Rengersleane. Yn de kenniskampus wurkje de trije hegeskoallen, CHN, NHL en Van Hall, gear op ien lokaasje. De sporthal yn Bilgaard sil ôfbrutsen wurde.