Gjin nij gemeentehûs by A32

22 okt 2002 - 00:00

Boarnsterhim krijt gjin nij gemeentehûs by de rykswei A32, sa't earder ôfpraat wie mei de gemeenterie. Yn de begrutting foar 2003 kiest it kolleezje fan B&W foar ferbou fan it hjoeddeiske gemeentekantoar oan de JW de Visserwei.

Dêrfoar moat noch wol mear as 3.000.000 euro op it kleed komme. Nijbou oan de A32 hie de gemeente nochris 4.000.000 euro ekstra koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)