Help foar helpferlieners Holwert

© Omrop Fryslân
De brân fan sneon yn Holwert, dêr't in 30-jierrige man en syn soantsje fan fjouwer by om it libben kaam binne, is ûntstien yn de bykeuken. Dat docht bliken út it technysk ûndersyk dat útfierd is troch de plysje.
Plysje- en brânwachtminsken dy't sneon by de helpferliening belutsen wiene, krije bedriuwshelp. Guon helpferlieners hawwe it dreech mei wat se sjoen ha.