Projektklasse hat jildtekoart

22 okt 2002 - 00:00

De projektklasse yn Snits hat in tekoart fan hast 100.000 euro. It giet om in projekt fan de Friese Poort dat foarkomme moat dat bern ophâlde mei skoalle foardat se in diploma ha.

Mear as 90 persint fan de learlingen út de projektklasse fynt wer in plakje yn it gewoane ûnderwiis. It tekoart moat oanfolle wurde troch gemeenten en skoallen yn Súdwest-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)