Omrop Fryslân sil mear útstjoere

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân TV sil mei yngong fan 4 novimber alle wurkdagen oardel oere TV útstjoere yn plak fan ien oere. Neffens haadredakteur Hans Snijder past de programmearring net mear yn in oere.
Troch langer út te stjoeren komt der ek romte foar nije programma's lykas in programma oer tritigers en in popprogramma. De útwreiding is mooglik tanksij de stipe fan 'e provinsje.