Gjin twangsom foar Rendac

21 okt 2002 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac hoecht gjin twangsom oan de provinsje te beteljen, om't de Raad van State dy skorst hat.

De provinsje hie Rendac in twangsom oplein om't der hieltyd faker yn de wykeinen wurke waard. Op grûn fan de miljeufergunning is dat allinnich tastien as dat by de provinsje bekend makke is. Neffens Rendac is dêr net folle oan te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)