It Hearrenfean moat besunigje

21 okt 2002 - 00:00

De gemeente It Hearrenfean sil 1,3 miljoen euro ekstra besúnigje. Reden is dat der minder Ryksjild binnenkomt. De gemeente tinkt jild oer te hâlden troch effisjinter te wurkjen en guon subsydzjes net mear te ferlienen. Ynstellings dy't tenei gjin jild mear krije, binne ûnder oare Stichting Kleurrijk Heerenveen, de Heerenveense Omroep Stichting en de Keunstútlien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)