Maaike Hornstra wint yn Dútslân
Hurdrinster Maaike Hornstra fan Jellum hat sneon yn Dútslân de Teutoburgerwald-rin wûn. Yn it plak Lengerich waard de wedstriid oer 27,5 km foar de sande kear hâlden. Hornstra die 2 oeren en 26 sekonden oer it heuvelige parkoers.
Yn Oranjewâld wie sneon de Woutersbergjeloop. Winners wiene René Jaasma fan Drachten en Yke Schouwstra.