Advertinsje-aksje wetterskippen
De Fryske wetterskippen binne út ein set mei it oanlûken fan nije liedingjaande minsken. Sneon is begûn mei in advertinsjekampanje yn de kranten. Dêryn wurdt kandidaten foar ferskate funksjes frege.
It giet om de funksje fan sekretaris-direkteur, de heechste baan by de wetterskippen en seis tsjinst- en distriktshaden.