Europeeske krityk op sluting SCI

© Omrop Fryslân
De Europeeske Kommisje moat regels opstelle foar multynasjonals. It giet dan benammen oer de wize wêrop't se mei personiel, fakbûnen en subsydzjes omgean. Dat sei Europarlemintariër Max van den Berg nei in wurkbesite oan SCI.
De polikus hat gjin goed wurd oer foar de hâlding fan de kompjûtergigant út Amearika. Nei 4 jier giet it fabryk op It Hearrenfean no alwer ticht.