Weening noch net yn kompetysje

Wylst de iene Fryske hurdfytsprof, Lieuwe Westra, in protte súkses hat, sit de oare, Pieter Weening, yn 'e nederklits. Weening hat foar syn nije Australyske ploech GreenEdge noch gjin wedstriidkilometer riden. In blessuere oan de rjochterknibbel wol mar net oergean. Sûnt in falpartij op in training yn novimber ferline jier is it kwakkeljen. Dizze wike is der in scan makke fan de knibbel, takom wike wurdt dúdlik wat der oan dien wurde moat. In 'kijkoperaasje' heart ta de mooglikheden. Weening rjochtet him benammen op de Ronde fan Frankryk.