Nije offisier fan Justysje

18 okt 2002 - 00:00

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert krijt in nije offisier fan Justysje. It giet om de 39-jierrige Tom Wolters, dy't no yn Ljouwert by de Rie foar de Bernebeskerming wurket.

Earder wie er selsstannich advokaat yn Ljouwert. Wolters wurdt ein novimber offisjeel ynstallearre. Hy krijt de distrikten Noardwest- en Noardeast- Fryslân ûnder syn hoede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)