Hege opkomst faksinaasjekampanje

17 okt 2002 - 00:00

De GGD Fryslân is tige tefreden oer de hege opkomst by de faksinaasjekampanje tsjin de meningokokbaktearje, type C. Goed 138.000 Fryske bern fan 14 moannen oant en mei 18 jier, hawwe in prik helle tsjin de baktearje.

It opkomstpersintaazje leit yn Fryslân op 92. Foar de bern dy't noch gjin prik helle ha, organisearret de GGD yn novimber twa ynheldagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)